Plysje-ûndersyk deade Wolvegea

30 jan 2005 - 13:43

Yn in wente yn Wolvegea is tongersdei oan 'e ein fan 'e middei it lichem fan in deade man fûn. It giet om in hûs oan de Erica. De plysje slút in misdriuw net út. De man wie as fermist opjûn troch syn famylje. Sadwaande kaam de plysje by him oan 'e doar.

De plysje is tongersdei al begûn mei in buertûndersyk en dat giet freed fierder. Tweintich resjersjeurs wurkje oan 'e saak. De plysje Wolvegea krijt dêrby help fan kollega's út Drinte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)