Minsken net ôfslute fan gas

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte de nammen krije fan klanten dy't de rekken net betelje kinne fan NUON, Essent of Vitens. Sa kinne gemeenten foarkomme dat klanten yn de skulden komme en ôfsletten wurde fan stroom, gas of wetter. Dat wol de Feriening fan Fryske Gemeenten.
It tal betellingsproblemen nimt hurd ta. Allinnich al op it Hearrenfean binne op it stuit 32 minsken ôfsletten. De enerzjybedriuwen wolle de nammen fan klanten mei problemen wol trochjaan.