Opknapbeurt 't Fliet yn Ljouwert

30 jan 2005 - 13:14

Ynwenners fan de wyk 't Fliet yn Ljouwert hawwe 410.000 euro te besteegjen om harren strjitten op te knappen. De gemeente Ljouwert belûkt de wykbewenners by de opknapbeurt.

Sneon wie it startsein foar it opknapprojekt. Under oare it Menno van Coehoornpark sil oanpakt wurde. Ein dit jier moat alles klear wêze. Foto's dy't sneon yn in kistje yn de grûn dien binne, sille dan in werinnering wêze oan it Fliet fan hjoeddedei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)