Portiers disko mei mes bedrige

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht nei sneon in 34-jierrige man út Snits oanhâlden. Hy hie portiers fan in disko yn de Kleine Kerkstraat mei in mes bedrige. De man wie dronken en lei op de bar te sliepen. De portiers setten de Snitser de saak út. Op strjitte pakte de man in mes en drige dêrmei. Hjirnei naaide er út. Doe't de plysje op him ôf kaam, begûn de man te skellen. Hy is oerbrocht nei it buro en mocht nei ferhear nei hûs.