Plannen foar útwreiding Klinze

29 jan 2005 - 17:27

De eigner fan lânhûs De Klinze yn Aldtsjerk wol syn bûten útwreidzje. Der binne plannen foar in edukatyf, kultureel en rekreatyf sintrum. Dat moat in soarte fan museum wurde mei ynformaasje oer de skiednis fan it gebiet.

Fierder moatte der sa'n 40 ekstra hotelkeamers en in konferinsjeseal komme. Ek it park moat útwreide wurde. De plannen wurde op 10 febrewaris oan de gemeenteried presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)