Show foar handikapten
Yn muzyksintrum Zalen Schaaf yn Ljouwert wurdt yn maart in teatershow spesjaal foar siken en handikapten opfierd. It giet om in inisjatyf fan de Zonnebloem.
Yn it teaterstik spilet ûnder oare musicalstjer Henk Poort. De show sil de kommende moannen yn it hiele lân opfierd wurde foar mei elkoar goed 30.000 siken en handikapten.