Definsje noch dit jier yn Boerum

29 jan 2005 - 13:10

Definsje ferwachtet foar de ein fan dit jier de ôflústerpost yn Boerum yn gebrûk te hawwen. Op dit stuit wurdt ûnderhannele oer de oankeap fan grûn. It bestimmingsplan foar it gebiet lit de komst fan de skûtels al ta.

Definsje woe earder de besteande post yn Zoutkamp útwreidzje. Omdat bewenners dêr massaal tsjin protestearden, wurdt no útwykt nei Boerum. De skûtels binne bedoeld om telefoanferkear fan terroristen ôf te lusterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)