Nije ploech De Vries

© Omrop Fryslân
Maratonrider Jeroen de Vries riidt takom seizoen foar de Time Out Sport-ploech. De 33-jierrige Sint Nykster wie twa jier yn tsjinst fan de Jorritsma Bouw-formaasje. De Vries nimt it plak yn fan KC Boutiette, dy't him takom jier folslein rjochtsje sil op de Olympische Spelen yn Turijn.
Ek Bert Jan van der Veen fan de Jouwer, de nasjonaal kampioen, sit yn dizze ploech.