Aksje tsjin parkearjild Dokkum

29 jan 2005 - 12:20

Winkeljend publyk kin freed fergees parkeare yn Dokkum. De pleatslike ûndernimmersferiening hat út protest de parkearmeters ôfplakt. De club is tsjin de gemeentlike beslissing om de tariven foar it parkearen bot te ferheegjen. Op guon plakken is it taryf wol tsien kear oer de kop gien.

De aksje sil it hiele wykein duorje, sa seit de ûndernimmersferiening. Mar wethâlder Boorsma wol freed noch prate oer it konflikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)