Cambuur - Volendam: 3-0

© Omrop Fryslân
Cambuur is de twadde kompetysjehelte goed begûn. De Ljouwerters wûnen freed yn eigen stadion mei 3-0 fan Volendam. De goals kamen fan Angelo Zimmerman en René van Rijswijk yn de earste helte en Thijs Houwing yn de twadde helte.
Troch dit resultaat komt Cambuur op it 13e plak yn de earste divyzje mei 23 punten út 19 wedstriden. Boppedat steane de Ljouwerters boppe-oan yn de tredde perioade mei seis punten út twa wedstriden.