Plysje pakt oplichters

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa manlju en in frou oppakt dy't de ôfrûne moannen yn Ljouwert mear as tsien kear tankt ha sûnder te beteljen. Twa fertochten, in Ljouwerter fan 24 en syn like âlde freondinne, binne yn novimber oppakt. It nijs is hjoed pas bekendmakke.
In 22-jierrige man út Berltsum waard ferline wike oppakt. De Ljouwerters ha ek yn in hotel yn Frjentsjer iten en sliept sûnder te beteljen. De twa ha fierder ruten fan wenten fernield.