Friezetsjerke: kapelaan beneamd

28 jan 2005 - 15:41

Yn 'e Friezetsjerke yn Rome wurdt snein in nije Nederlânske kapelaan beneamd. De post 'Capellus Neerlandicus in Urbe' wie sûnt 550 jier fakant. Jan Heeffer is dejinge dy't no beneamd is. Heeffer is rektor fan it Pauslik Nederlânsk Kolleezje.

De kapelaan is ferantwurdlik foar de geastlike soarch fan pelgrims yn Rome. Boppedat wurdt de Friezetsjerke as selsstannige parochytsjerke erkend, sa is freed bekend wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)