Wapens yn beslach nommen

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei by in previntyf-fûllear-aksje yn Ljouwert acht wapens yn beslach nommen. It giet om sân messen en in izeren ketting. Mei-elkoar waarden 220 minsken kontrolearre. De plysje trochsocht boppedat tweintich auto's op wapens en munysje. In 53-jierrige autobestjoerder út Ljouwert moast dêrby syn rydbewiis ynleverje. Hy hie fierste folle drank op en hie ek noch achttjin moanne selstraf te stean.