SC Heerenveen út de beker

© Omrop Fryslân
Sportclub Heerenveen leit út de bekerkompetysje. De Feansters ferlearen tongersdei yn de Amsterdam Arena mei 2-0 fan Ajax. De doelpunten foelen yn de lêste minuten fan de wedstryd. Charisteas iepene de score yn de 88e minút. Babel makke twa minuten letter de twadde goal foar Ajax.
SC Heerenveen koe lang stân hâlde troch goed keeperswurk fan doelman Brian VandenBussche. De Feansters krigen net in soad kânsen, Ajax folle mear.