Multykulturele Bibel

© Omrop Fryslân
Utjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean bringt yn maaie in saneamde multykulturele Bibel út. De Bibel jout yn ekstra taljochtingen omtinken oan ûnderdielen fan it kristendom, de islam en it joadendom. Sa wurdt bygelyks fan de nammen Abraham, Jacob en Maria útlein wat se foar de ferskate religy's betsjutte.
Jongbloed wol mei de multykulturele Bibel bern tusken de 12 en de 14 jier berikke.