Stjonkbargen by De Lemmer

28 jan 2005 - 11:37

Lemsters hawwe lêst stjonkerij fan in bargeboer yn Rutten (Noardeastpolder). It boerebedriuw stiet op goed 400 meter fan it Lemster Strân. Yn koarte tiid hawwe al 66 ynwenners by de provinsje Flevolân klage oer de stank.

Nei ynspeksje die bliken dat de bargeboer goed 3000 baargen tefolle op stâl stean hie. De bargeboer hat tasein dat dat oplost wurde sil, mar de Lemster roppe yn in advertinsje op safolle mooglik meldings te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)