Oaljespoaren yn Noardsee

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat docht de kommende dagen ekstra ynspeksjeflechten boppe it Waad fanwege oaljefersmoarging. Op 90 kilometer út de kust fan It Amelân binne kilometerslange oaljespoaren fûn. It guod wie sa tin dat it net op te romjen wie. It is ûnderwilens oplost.
It is net bekend hoe't de oalje yn see kaam is. Omdat it yn it Dútse part fan de Noardsee wie, hat de Dútse kustwacht meunsters naam. Sa kin de feroarsaker fan de fersmoarging mooglik fûn wurde.