Melkfee-akademy fan start gien

© Omrop Fryslân
Fryslân hat in melkfee-akademy krigen. Dy moat derta liede dat greidboeren elkoar helpe by it útoefenjen fan har fak. Se kinne ek mei inoar nije prosessen ûntdekke. It kontakt tusken de boeren rint fia ynternet.
De melkfee-akademy is in ynisjatyf fan lânbou-organisaasje LTO en de Wageningen Universiteit en Researchcentrum. It ynstitút kostet mei inoar 4,5 miljoen euro. Boeren dy't meidwaan wolle, betelje 100 euro.