Arjan Hut stedsdichter Ljouwert

28 jan 2005 - 09:31

Arjan Hut is de stedsdichter fan Ljouwert wurden. Dat is tongersdei bekendmakke troch de Stichting Literêre Aktiviteiten. Arjan Hut wie ien fan de fiif nominearren. Hy is beneamd foar twa jier.

De stedsdichter moat gedichten meitsje by bysûndere eveneminten en by begraffenissen fan minsken sûnder famylje of kunde. De oare nominearren wiene Willem Abma, Anne Feddema, Anke Feenstra en Eric Hoekstra.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)