Proef mei regelmeldpunt

28 jan 2005 - 09:30

De Keamer fan Keephannel en de gemeente Ljouwert komme mei in regelmeldpunt. Dêr kinne bedriuwen regels melde dy't yn de praktyk net wurkje. It giet dan bygelyks om doarren dy't fan de plysje nei binnen en fan de brânwacht nei bûten iepen gean moatte.

It meldpunt is earst in jier op proef. Dêrnei wurdt besjoen oft it ek yn de rest fan Fryslân ynfierd wurde kin. De provinsje is op dit stuit ek dwaande it tal regels te ferminderjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)