Wer fierder oerlis by Philips

27 jan 2005 - 15:51

De fakbûnen hawwe woansdei mei de direksje fan Philips Drachten praat oer de 100 arbeidsplakken dy't dit jier ferdwine moatte. De fakbûnen wolle dat de direksje jild beskikber stelt om der foar te soargen dat de oerstallige wurknimmers net yn de WW reitsje.

Ek moat de direksje it frijwillich fertrek fan wurknimmers stimulearje mei saneamde 'oprotpremies'. Foar it personiel dat net dien krijt moat der bettere opliedings komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)