Tsjinslach foar kongressintrum

© Omrop Fryslân
It Frysk kongressintrum yn Drachten dat noch mar in jier iepen is, driget no al wer ticht te moatten. It sintrum hat oer it earste jier flink ferlies draaid. Dat komt omt it sintrum fan de gemeente allinnich eveneminten mei hynders organisearje mei.
De eigner ha it eardere hynstesintrum lykwols kocht om der in kongres- en evenemintesintrum fan te meitsjen. De direksje sil no prate mei de gemeente oer wiziging fan de bestimming.