'Gau beslút oer Suderseespoar'

27 jan 2005 - 14:06

De Provinsjale Steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte roppe de leden fan de Twadde Keamer op sa gau mooglik in beslút te nimmen oer it Suderseespoar. Dat die woansdei bliken by de gearkomste fan noardlike steateleden.

As de Twadde keamer gau in beslút nimt dan soe in mooglike priisfraach foar it bedriuwslibben ek sa gau mooglik útein sette kinne. Ferline wike trune de Stjoergroep Suderseeline dêr ek al op oan yn Den Haach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)