Buro foar stipe selsstannigen

26 jan 2005 - 22:36

It Bureau Zelfstandigen Fryslân BZF is woansdei offisjeel fan start gien yn Ljouwert. It buro jout finansjele stipe oan startende ûndernimmers en bedriuwen dy't it swier ha.

It BZF makket ûnderdiel út fan Sosjale Saken fan de gemeente Ljouwert. Sy fiere op dit stuit foar 17 gemeenten yn Fryslân dizze stipe-regelingen út. It doel is wol om yn de takomst alle gemeenten fia dit loket te betsjinjen. It BZF bestiet no al in jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)