Alde lokomotyf by stasjon Snits

26 jan 2005 - 22:05

In âlde, restaurearre lokomotyf hat woansdei in plakje krigen by it stasjon fan Snits. De lokomotyf kaam op in djiplader oan. Mei in kraan waard er troch de loft tild, nei in spesjaal oanlein stikje spoar.

De lokomotyf is oerskildere yn de orizjinele kleuren. De motor, dy't net mear nedich wie, is oerbrocht nei de museumtrein yn Veendam. De opknapbeurt hat meielkoar tûzenen euros koste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)