'Takomst Bentex ûnwis'
De takomst fan kleanwinkelketen Bentex bliuwt ek nei de oername foarearst ûndúdlik. Dat seit CNV-bestjoerder Gert Jan Seffinga. It is neffens Seffinga net útsletten dat de nije eigners Bentex wer sûn meitsje wolle en dat it bedriuw dêrnei trochferkocht wurdt.
De fakbûnen ha woansdei oerlis hân mei de kurator fan it failliete bedriuw. By de fakbûnen libben tal fan fragen. Moandei is der yn Grins in gearkomste foar persoaniel dat har baan kwyt is.