Rjochtsaak om staazje

© Omrop Fryslân
Studinte Rommie Kuiphof fan Burdaard sleept de CHN yn Ljouwert foar de rjochter. Har staazje is ûnterjochte ôfkard en se is ek net warskôge oer it minne resultaat, fynt se. De skoalle ûntkent dat, mar de staazjebegelieder hat neat op papier fêstlein. Troch it konflikt hat de fjirdejiersstudinte har stúdzje Frijetiidskunde net ôfmakke. De skoalle hat har in nije staazje oanbean, mar Kuiphof fûn dat de oare goed genôch wie.