Antal van der Duim útskeakele

26 jan 2005 - 16:50

It Fryske tennistalint Antal van der Duim (17) fan Finkegea is útskeakele yn it jeugdtoarnoai fan 'e Australian Open. Van der Duim ferlear yn twa sets fan 'e Koreaan Sun-Yong Kim, dy't as earste pleatst is. De setstannen wiene 6-2 en 7-6 foar Kim. Seker yn 'e twadde set joech Van der Duim de Koreaan knap partij.

Van der Duim is noch net útspile. Yn it dûbelspul hat er mei syn partner Robin Haase wol de twadde ronde berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)