Twongen hûsferkeap falt ta

26 jan 2005 - 16:18

It tal hûseigners dat de wente twongen ferkocht hat mei ferlies is yn Fryslân lytser as yn de oare provinsjes. Dat docht bliken út in ûndersyk van de Stichting Waarborgfonds Eigen Woningen.

Yn Fryslân binne it ôfrûne jier tsien wenningen mei twongen ferlies ferkocht, wylst dat yn hiel Nederlân 331 is. Foaral yn de Rânestêd is it sifer folle heger. Oarsaken foar de twongen ferkeap binne foaral de tanommen wurkleazens en it gruttere tal skiedingen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)