Soad nije klanten De Friesland

© Omrop Fryslân
De Friesland Soarchfersekerder skriuwt meikoarten de 400.000ste fersekerde yn. Dat is in rekord. Op it haadkantoar yn Ljouwert wurde 100 oant 200 nije fersekerden deis ynskreaun. It call-centre hat it der tige drok mei.
Oant begjin febrewaris kinne klanten harren oerskriuwe litte nei in oar sikefûns. Der stappe net in soad klanten fan De Friesland oer nei in oare sikefûnsfersekerder, seit in wurdfierder.