Nij bûn foar greidboeren

26 jan 2005 - 12:21

Greidboeren krije der mooglik in nije belange-organisaasje by. Yn Damwâld is tiisdei praat oer it boerebûn Dutch Dairy Board. Trijehûndert belangstellenden kamen ôf op de jûn, hâlden troch it Nederlânsk Melkfeehâldersfakbûn.

Doel is ûnder oare om alle boeren yn Europa te ferienigjen. Dan kin der in bettere priis foar de molke ôftwongen wurde. De plannen binne noch net yn kalk en semint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)