Drugshannelers oppakt op Skylge

26 jan 2005 - 09:47

De drugshannel op Skylge is in gefoelige klap tabrocht mei it oppakken fan trije manlju troch de plysje. It giet om twa ynwenners fan Skylge, fan 35 en 37 jier en in Ljouwerter fan 18. Sy wurde fertocht fan de hannel yn kokaïne en XTC.

By har yn de hûs binne drugs yn beslach nommen. De trije manlju hiene neffens justysje in stik of 10 klanten. It OM seit dat drugshannel op dizze skaal op de oare eilannen net foarkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)