Turfrûte iepen op snein

26 jan 2005 - 08:07

De brêgen yn de Turfrûte wurde fan 't jier foar it earst ek op snein betsjinne. Yn july en augustus kin der tenei it hiele wykein fearn wurde tusken Appelskea en de Gerdyk.

Oare brêgen yn Fryslân wurde al lang op snein betsjinne, mar de provinsje fûn it iepenjen fan de brêgen yn de Turfrûte oant no ta te djoer. It betsjinjen op snein bart de kommende trije jier op proef. Dernei sil besjoen wurde wat it effekt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)