Takomst praktykskoalle ûnwis

© Omrop Fryslân
De takomst fan PTC+, de praktykskoalle yn Oentsjerk, is noch lang net feilichsteld. Dat die tiisdei bliken by de start fan de ynternasjonale kursus. Ferline jier krige in tredde part fan de tachtich meiwurkers dien, mar de skoalle moat noch folle kommersjeler wurde om te oerlibjen.
It ryk wol net langer meibetelje oan de skoalle en it tal learlingen nimt bot ôf. Yn 2007 sil bliken dwaan oft de lokaasje Oentsjerk takomst hat.