Nei 28 jier ynbraak yn 't Hoekje

26 jan 2005 - 06:58

By kafee it Hoekje oan de Ljouwerter Weaze is ynbrutsen troch de ruten mei in soad geweld út de gevel te lûken. Foar it earst yn 28 jier is it romrofte kafee slachtoffer fan in ynbraak. De bút wie goed 4000 euro. De ynbraak falt op, want oant djip yn de nacht is der yn de buert noch in kafee iepen, der rint altyd wol folk om op de Weaze en it kafee is om kertier foar seizen moarns al wer iepen. Der komt no befeiliging mei tralys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)