Oare finer ljipaai Smell'lân

14 mrt 2012 - 11:58
  • In broedsje ljipaaien

De gemeente Smellingerlân beskôget it ljipaai dat Anne Hoekstra út Drachten woansdeitemoarn fûn hat as earste fan de gemeente. Earder is nei bûtenbrocht dat Jorn Witveen (8) de finer fan it earste ljipaai wie, mar om't dy yn oanmerking komt foar in provinsjale priis, wurdt syn aai net mear as earste erkend. Anne Hoekstra fûn syn aai tusken Aldegea en Nyegea, yn itselde stik lân dêr't Jorn ek syn aai fûn. Hoekstra wie ferline jier ek de finer fan it earste aai fan Smellingerlân. Hy biedt it woansdeitemiddei oan boargemaster Polderman oan.

Ek yn de gemeente Dongeradiel is in earste ljipaai fûn. De lokkige wie Jacob Lei út Peazens, dy't it aai tiisdei op 'e neimiddei lizzen seach by de Ieldobbewei by Eanjum. Hy biedt it aai woansdeitemiddei oan boargemaster Waanders oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)