Olympyske nominaasje foar Glas

25 jan 2005 - 17:15

Bobslider Arend Glas hat snein yn Italië syn twadde Olympyske nominaasje ferovere. By de wrâldbekerwedstriid op 'e Olympyske baan fan Cesana Pariol waard Glas njoggende mei de fjouwermansbob. Earder waard er ek al in kear tsiende, en dêrmei hat syn tiim oan de eask foar nominaasje foldien.

Glas kwalifisearre him earder ek al mei de twamansbob. Dit wykein gie it wat minder mei de twamansbob: Glas en syn maat Jansma waarden sneon 19de.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)