Goederentrein Ljouwert-Veendam

25 jan 2005 - 16:24

It transportbedriuw Vos Logistics yn Veendam wol fia it spoar in kontener- lijn opsette tusken Ljouwert en Veendam. In earste proef op it trajekt wie neffens de direksje fan Vos suksesfol. Op dit stuit ride der gjin goederentreinen tusken Ljouwert en Grins.

De trein soe earst twa kear yn de wike ride moatte, yn de jûn of de betide moarn. Oerdei falt it net goed yn te passen yn de besteande tsjinstregeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)