Ald oargel nei Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De grifformearre tsjerke fan Frjentsjer en Seisbierrum hat in piipoargel fan de firma Ypma en co. kocht. Ypma wie in oargelmakker yn Boalsert yn de njoggentjinde ieu. It ynstrumint is hast hûndert jier âld en stiet no noch yn de katolike tsjerke yn it Noard-Hollânske Lijnden. Dat gebou is lykwols net mear yn gebrûk.
Der is in symboalysk bedrach fan tûzen euro foar it oargel betelle. De ferhuzing kostet 50.000 euro.