Minder winst foar CR Delta

© Omrop Fryslân
It rundfeeferbetteringsbedriuw CR Delta op it Hearrenfean hat twa euroton winst makke yn it boekjier 2003-2004. Ien jier dêrfoar wie de winst noch 3,8 miljoen. De brutowinst fan it bedriuw wie it ôfrûne jier 6 miljoen euro. Fan dit bedrach hat de korporaasje earder yn it boekjier al 4 miljoen oan syn boeren weromjûn.
Dat de nettowinst no leger leit hat ek te krijen mei in tal oernames yn it bûtenlân en de hegere kosten.