Kennissintrum jachtbou by NHL

25 jan 2005 - 11:25

De Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert, de NHL, sil úteinsette mei in kennissintrum foar de jachtbou. It Samenwerkingsverband Noord-Nederland hat dêrfoar 1,3 miljoen euro beskikber steld.

It kennissintrum sil kennis sammelje, koppelje, tapasse en ûntwikkelje foar de jachtbou en lichte konstrukzjes. It doel is om mei it sintrum de konkurrinsjeposysje fan de noardlike jachtbou te fersterken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)