Oanhâlding foar fernielings Balk

25 jan 2005 - 10:51

De plysje hat sân jongeren út Balk en Snits oanhâlden foar fernielings yn Balk. Yn it wykein fan 14 jannewaris binne dêr tunen en auto's fernield. De fertochten binne allegear sawat 16 jier. Se hawwe bekend dat se nei in feestje yn Balk troch tunen rûn binne, auto's fernield hawwe, in skutting en in skuorke beskeadige hawwe en twa ruten yngoaid hawwe by de basisskoalle.

De skea fan goed 850 euro sil op de jongerein ferhelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)