Amelân stipet slachtoffers Azië

© Omrop Fryslân
De gemeente Amelân jout 5000 euro foar de slachtoffers fan de floedgolf yn Azië. Dat komt del op 1 euro 38 per ynwenner. Nei in diskusje yn de ried is besluten om it jild oan it aksjekomitee fan Theo Kieviet jaan. Hy is al jierren aktyf yn it ûntwikkelingswurk.
De PvdA-fraksje op it eilân hie leaver dat it jild nei giro 555 gien wie, om't in grutte organisaasje de stipe better regelje kin. Mar it is belied om jild oan projekten fan Amelanners te jaan.