Gjin stop yn huzebou

© Omrop Fryslân
Gemeenten fiele der neat foar om minder huzen te bouwen no't de Fryske befolking minder hurd groeit as ferwachte. De provinsje ynformearre moandei de gemeenten oer dy ôfnimmende groei fan it tal Friezen en de gefolgen dêrfan foar de huzebou.
De gemeenten Hearrenfean, Snits, Dongeradiel, Frentsjerteradiel en Harns binne foarearst noch fan doel in soad wenten te bouwen om't de ôfname fan de befolkingsgroei pas nei 2010 echt ynset.