FNP lilk oer grûnoankeapen

25 jan 2005 - 06:33

De gemeente Achtkarspelen hat sûnder de gemeenteried dêroer yn te ljochtsjen alve bunder grûn oankocht. Boppedat moat der noch 900.000 euro fûn wurde om de grûnoankeap te beteljen. De FNP yn Achtkarspelen is dêr min oer te sprekken en freget no tongersdei it gemeentebestjoer om opheldering.

Yn de simmer fan 2004 kocht de gemeente al seis bunder grûn yn Bûtenpost en letter nochris fiif. De gemeente soe dêr te folle jild foar betelle ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)