Bentex wis op tiisdei wer iepen

© Omrop Fryslân
De kleanwinkels fan Bentex gean tiisdei definityf wer iepen. De kuratoaren fan it fallite kleankonsern hawwe ôfrûne wykein in akkoart berikt mei Resine BV. Dat is in bedriuw dat foar in part deselde oandielhâlders hat as Bentex foar it fallisemint hie.
Nei de oername is der foar 240 fan de 400 personielsleden wer wurk by Bentex. Sawat 45 fan de goed 50 winkels bliuwe bestean. De rjochter-kommissaris moat noch tastimming jaan foar de oername.