Tsjerkeleden ferdield oer gebou

© Omrop Fryslân
Oer in moanne moat dúdlik wêze oft de ôfbaarnde frijmakke grifformearde tsjerke yn Harns wer yn de âlde steat werombrocht wurdt. It 90 jier âlde gebou oan de Noordooster Singel baarnde op 22 desimber folslein ôf. Binnen de tsjerkemienskip bestiet ferdieldheid oer de takomst.
In part fan de leden wol in nije moderne tsjerkeseal, oaren wolle dat it âlde gebou sa goed mooglik wersteld wurdt.