Ditewig nei Veendam

24 jan 2005 - 17:47

Barry Ditewig wurdt de nije keeper fan earste divyzjeklub Veendam. Ditewig stie oant snein noch ûnder de latte by sneinshaadklasser De Jouwer. De 27-jierrige keeper tekene by de Grinzer profklub in kontrakt foar oardel jier.

Barry Ditewig hat al ûnderfining yn it betelle fuotbal. Hy hat 3 jier ûnder kontrakt stien by SC Heerenveen en foardat er oan it begjin fan dit seizoen nei De Jouwer kaam, wie hy keeper by earste divyzjeklub Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)