Twifel oan grûnen foar útsetting

© Omrop Fryslân
Boargemaster Dales fan Ljouwert hat mooglik te foarbarich hannele doe't er de bewenners fan de Annie Westlandstrjitte dy't oerlêst feroarsaken, út har wente sette woe. De PvdA-fraksje fan Ljouwert twifelet deroan oft de saak juridysk sterk genôch is. Mooglik hawwe amtners in oar advys jûn oan de boargemaster.
Neffens de PvdA kin de gong fan saken de leauweardigens fan de gemeente oantaaste.