Slachtemonumint stellen

© Omrop Fryslân
It monumint 'Geskink fan de takomst' op de Seedyk by Easterbierrum is stellen. Unbekenden ha de plaat yn de nacht nei snein fuorthelle. It monumint stie oan it begjin fan de Slachtedyk dy't fan Easterbierrum nei Raerd rint.
Op de plaat binne it Waad en de Waadeilannen tekene. Doarpsbelang Easterbierrum hat lang dwaande west it monumint op de Seedyk te krijen. Mei in jildpriis fan de gemeente Frjentsjerteradiel koene se it keapje.